Taalnivotsjek

Mei in taalnivotsjek hawwe jo objektive ynformaasje yn 'e hannen dêr't jo de krekte beslissings mei nimme kinne. De toetsing en rapportaazjes jouwe in goed byld fan de taalfeardichheden fan in sollisitant of meiwurker.

Profesjonele oanpak

Wy bepale tegearre mei jo wat der nedich is. Dêr belûke wy graach de funksje by dy't immen ferfollet. Yn hokke konkrete taalsituaasjes is it nedich dat in meiwurker taalfeardich is en om hokke feardichheden giet it? As jo dat net krekt witte, stypje wy jo dêr graach yn. Wy beskikke oer praktyske ynformaasje fan in grut ferskaat oan funksjes.

Fjouwer feardichheden

Jo kinne in kar meitsje foar in toetsing fan ien of mear feardichheden: lêzen, harkjen, skriuwen en/of praten. It praten wurdt hifke yn in petear mei in taaltrener en duorret in healoere. Foar de oare feardichheden meitsje wy gebrûk fan online-toetsen dy't by inoar likernôch trije oeren duorje. De kandidaat kin sels bepale op hokker plak en tydstip de toetsen makke wurde.

Wêrom kieze klanten foar in taalnivotsjek?

• om objektive ynformaasje te krijen oer de kennis en feardichheden fan in sollisitant
• om de taalfeardichheden fan de meiwurkers skerp yn byld te bringen
• om in ynskatting meitsje te kinnen fan in passende trening foar de meiwurkers

Europeesk Referinsjeramt (ERK)

Om ta de krekte nivofêstelling te kommen, makket Eurolangues gebrûk fan de spesifikaasjes dy't opsteld binne troch de Rie fan Europa.
Besjoch it oersjoch fan A1- oant en mei C2-nivo

Saaklike taaltrenings

Eurolangues fersoarget sûnt de oprjochting yn 1989 taaltrenings op maat. Sjoch by groepstrening op maat, yndividuele trening en family-training

'Ingelsk is foar ús in wichtige wurktaal, mar wy hiene ûnfoldwaande ynsicht yn 'e taalfeardichheden fan ús meiwurkers. Mei de taalnivotsjek fan Eurolangues krigen wy in skerp byld. De útkomsten joegen ek sicht op de fereaske feardichheden yn 'e funksje. Dêrnei koene wy ús mei doel rjochtsje op it optimalisearjen fan de feardichheden.'
Opdrachtjouwer yn 'e finansjele sektor

'Meiwurkers reitsje motivearre om de taal te learen as se begripe wat se werklik nedich hawwe foar harren funksje.'
Joke, taaltrener Eurolangues

Taalniveau Check

Kontakt

Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.