Hoe leare jo op in oangename wize in frjemde taal? Ynternet en e-learning spylje dêr sûnder twivel in wichtige rol yn. Foar Eurolangues is it ûnmisber wurden as yntegraal ûnderdiel fan ús trenings.
Alle opdrachten binne unyk en freegje om in oare ynfolling. Dêrom meitsje we by alle trenings in goede ôfwaging tusken online- en offlinemiddels. Wy stelle in mjuks gear dy't ta de winske resultaten laat én dy't noflik is foar kursisten. Wy neame dat blended-learning, wêrby't we ûntdutsen hawwe dat onlinelearmiddels de trening libbener meitsje. Kursisten reitsje entûsjastmearre en motivearre.
By de taalnivotsjekmeitsje wy gebrûk fan onlineynstaptoetsen om objektive gegevens te krijen oer de hark-, lês- en skriuwfeardigens.
De taalmetoaden dy't troch Eurolangues ynset wurde by de trenings befetsje in soad onlinemateriaal. Harkoefenings bygelyks, mar ek it learen fan nije wurden en grammatika wurdt mei help fan ynternet hiel wat ienfâldiger en nofliker. Der binne online ek ‘kaaien’ beskikber, dêr't kursisten harren eigen oefenings mei kontrolearje kinne. Dêrnjonken spylje ús taaltreners yn op alles wat online beskikber is en kieze foar fariëarre wurkfoarmen mei libbendich lesmateriaal.
Wa't gau in taal leare wol, slút oan by eigen ynteresses. Kies bygelyks in boeiende film by de BBC. De ferneamde TED Talks biede folop mooglikheden. Der binne der wol 1800 en se duorje likernôch 10 minuten; ideaal foar thúsopdrachten. Kursisten kiezen in ûnderwerp dêr't se aardichheid oan hawwe en ‘it learen fan Ingelsk’ ferrint ynienen sûnder muoite. Bûtenlânske kranten en tydskriften op ynternet hawwe ek in protte te bieden foar kursisten dy't yn in healoerke wat leare wolle oer in favoryt ûnderwerp.
It streekrjochte kontakt tusken taaltreners en kursisten stiet by Eurolangues sintraal. Yn guon situaasjes binne opdrachtjouwers tige tefreden oer de ynset fan online platfoarms (Teams, Zoom).
Eurolangues fersoarget sûnt de oprjochting yn 1989 taaltrenings op maat. Sjoch by groepstrening op maat, yndividuele trening en family-training
'Us akkountmennidzjer wurket de iene wike yn Nederlân en de oare wike yn Frankryk. Tagelyk is it wichtich dat er gau foarderings makket yn it Frânsk. Eurolangues spilet dêr praktysk op yn. Yn Nederlân kriget er les op kantoar en yn Frankryk fia Skype. Hy stelt fragen oan de trener oer de lesstof, oefenet syn útspraak en bepraat wat er op de Frânske wurkflier tsjinkomt. Dêrtroch leart er in soad yn koarte tiid. Moai dat it sa kin!'
In opdrachtjouwer yn 'e sektor food.
'Online materiaal ynspirearret kursisten om thús mei opdrachten oan 'e slach te gean. Yn jins frije tiid set men gewoan graach jins tablet oan.'
Anja, taaltrener Eurolangues
Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.