By in in-company taaltrening stimt Eurolangues de ynhâld ôf op de winsken en it taalfeardigensnivo fan in lytse groep meiwurkers. We slute oan by de funksje, taken, learstilen en ynteresses. Alle trenings wurde mei soarch gearstald sadat der in optimale learsituaasje foar de ûnderskate dielnimmers ûntstiet. Dêrby slane wy acht op taalnivo's en learferlet.
Yn in oriïntearjend petear beprate wy de saaklike rânebetingsten. Dêrnei giet ien fan ús taaltreners yn petear mei de kursisten. Underdielen dy't oan bod komme:
Om ta de krekte nivofêstelling te kommen meitsje we brûk fan de spesifikaasjes
dy't opsteld binne troch de Rie fan Europa. Besjoch it oersjoch fan A1- oant en mei C2-nivo
Trenings op maat wurde jûn op de lokaasje fan de klant oant maksimaal 8 dielnimmers. Mei 30 lesoeren komme kursisten in nivo fierder as it nivo dêr't se mei ynstapt binne. By in yntinsive trening wurde de lesoeren yn in koarte perioade jûn. Kieze jo foar in sprate trening dan wurdt der 2 oant 3 oeren yn 'e wike lesjûn oer in perioade fan 10 oant 15 wiken. Datums en tiden wurde altyd ôfstimd op de aginda fan de kursisten. Wy fersoargje trenings op maat yn it Frysk, NT2, Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Spaansk, Italjaansk, Portugeesk, Yndonesysk, Russysk, Taisk, Birmeesk en Sineesk. Oare talen op oanfraach.
Is de situaasje fan ien fan jo meiwurkers o sa spesifyk? Lês yndividuele trening
Giet ien fan jo meiwurkers mei syn húshâlding nei it bûtenlân? Lês family-training
Wolle jo ynformaasje oer it taalnivo fan in sollisitant of meiwurker? Lês taalnivotsjek
'Fjouwer salesmeiwurkers gongen oan 'e slach mei de ferkeap fan ús produkten mei help fan lokale distributeurs yn Frânsktalich Afrika. Dat foel net ta mei harren lytse talekennis. In groepstrening fan Eurolangues die bliken de oplossing te wêzen. Se fristen earst harren basiskennis op. Dêrnei learden se doelberet: it meitsjen fan priisôfspraken, ûnderhandeljen, marketing bedriuwen, ôfhanneling e-postferkear en tillefonearjen. Se rêden harren poerbêst en de ferkeap rint goed.'
Opdrachtjouwer yn 'e libbensmiddelsektor
'Troch de fokus op praktyksituaasjes wurde kursisten entûsjast en leare se ek fan inoar.'
Nienke, taaltrener Eurolangues
Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.