Family-training

Eurolangues hat in soad ûnderfining mei it trenen fan húshâldings dy't útstjoerd wurde nei it bûtenlân. Alden kieze gauris foar in yndividuele trening op maat of in groepstrening op maat. Foar bern yn 'e leeftyd fan 4 oant 18 jier fersoargje wy de family-training dy't folslein oanslút by it nivo, it ferlet en de libbenswrâld fan it bern, de puber of jong folwoeksene.

Wat hawwe bern nedich?

It ferfarren nei it bûtenlân is yngripend. Dêrom is it noflik as in bern foar ôfreis al taalfeardich is yn it deistich libben. De takomstige skoalle stelt ek gauris bepaalde easken. Eurolangues ret bern dêrop ta sadat se slagje foar harren ynstaptoets. As noflike bykomstichheid jildt dat bern yn 'e regel nochal wat flotter en makliker in taal leare as folwoeksenen.

Profesjonele taaltrening

In family-training is ek maatwurk. Dêrom ferrint de ynteekproseduere mei soarch. Giet it om praten en harkjen of ek om lêzen en skriuwen? Dat sil ôfhinklik wêze fan it ferlet en de leeftyd fan it bern. Wy stelle ek de omfang fan de trening fêst, de lokaasje en de lesdoer. Ien fan ús taaltreners giet yn petear mei de âlden en it bern om te sjen hokker taalmateriaal geskikt is en hokke wurkfoarmen. Wy freegje ûnder oaren nei helden, hobbys, sporten en favorite kleuren. Dêr spylje wy op yn, sadat de trening learsum is en in aardichheid om te dwaan. Lês ek
kwaliteitssoarch

Praktyske ynfolling

De taaltrener fan Eurolangues fersoarget de trening thús of op skoalle. Dei en tydstip wurde yn oerlis fêststeld. Ofhinklik fan de leeftyd duorje de lessen maksimaal 1½ oere en wurdt der ien of meardere kearen yn 'e wike lesjûn.

Boartsjendewei learen

Bern leare gau as se wille hawwe. Dêrom kiest in taaltrener der bygelyks foar om nei de bistetún te gean of mei de bern in taart te bakken. Underwilens leare se dan kommunisearjen yn it Ingelsk of in nije lokale taal. By de kar fan it lesmateriaal en de oefenings hâlde we rekken mei de spanningsbôge fan de bern en de beweechlikens. Kinne se stilsitte of wolle se leaver wat dwaan? Wy meitsje ek gebrûk fan apps, ferskes, filmkes op Youtube en oar oantreklik lesmateriaal.

Saaklike taaltrenings

Eurolangues fersoarget sûnt de oprjochting yn 1989 taaltrenings op maat. Jo binne by ús ek oan it krekte adres foar in taalnivotsjek om de taalfeardichheden fan sollisitanten of meiwurkers te bepalen.

'As in komplete húshâlding nei it bûtenlân ferhuzet of in húshâlding him hjir krekt yn Nederlân te wenjen set, dan wolle jo as wurkjouwer dat se goed taret binne. Eurolangues spilet dêr in bysûndere rol yn as it giet om taal. It is in aardichheid om de ferhalen te hearren oer de taaltrening oan de bern. Se dogge memory, boartsje gesellich bûtendoar, hawwe wille mei-inoar en ûnderwilens praten se de trener nei. Nei in pear lessen kin men al petearkes mei harren fiere yn 'e nije taal.'
In opdrachtjouwer yn 'e agraryske sektor.

'De bern hiene in soad wille mei it ferske - Wat ben ik blij dat ik in step heb - Wy hawwe der fuortendaliks ek klean en kleuren mei repetearre.'
Annelize, taaltrener Eurolangues

Family Training

Kontakt

Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.