De ynteek laat ta in op 'e praktyk rjochte trening dy't resultaat opleveret en noflik is om te dwaan. Dêrom stelle we alderhanne fragen. Yn hokke taalsituaasjes komme kursisten terjochte? Hokke feardichheden binne fan belang? Hokke ynteresses hawwe kursisten? Wy organisearje wat jo nedich hawwe!
Dat hinget fan it begjinnivo ôf en it winske einnivo. Yn trochsnee 30 lesoeren komme jo ien nivo fierder as dêr't jo yn begûn binne.
Twa oeren yn 'e wike les betsjut likernôch twa oeren húswurk. Sykje de iepen plakken yn jo aginda. In kertier deis is gau fûn. Lear de iene kear wurdsjes, besjoch de oare kear in filmke. Sykje de ôfwikseling, dan feroaret húswurk yn ‘lekker dwaande wêzen’.
As jo net witte wat jo ynfolje moatte op it ynteekformulier, slaan de fraach dan oer. Dat komt letter wol. De taaltrener lost it tegearre mei jo op.
Wy meitsje learen ta ‘in aardichheid‘ wêrtroch't it hiel wat makliker wurd:
Nee, wy leverje maatwurk. Dêrom stelle we yn oerlis mei de klant de treningslokaasje fêst.
In-company bygelyks, op in oare lokaasje of by Eurolangues op kantoar.
Jo krije in protte karmooglikheden. De trening kin yntinsyf folge wurde yn in koarte perioade of spraat wurde oer in langere perioade. Wy stimme de lessen ek ôf op dagen en tiidstippen yn 'e wike dy't jo goed útkomme.
Wy sykje by alle opdrachten de taaltrener dy't dêr it bêste by past. Eurolangues let dêrby op it winske taalnivo, de ynteressesfear en it fakgebiet.
Alle kursisten dy't op syn minst 80% fan de lessen folge hawwe, krije fan Eurolangues in persoanlik sertifikaat.
Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.