Wat wolle jo leare en hoe? Dêr binne wy benijd nei, want de taaltreners fan Eurolangues leverje graach maatwurk. Dêrom ferdjipje wy ús yn jo situaasje, sadat de ynhâld fan in taaltrening en de wurkfoarmen oanslute by jo winsken. It resultaat? Jo meitsje mei faasje foarderings en learen wurdt in aardichheid.
Eurolangues wurket al jierrenlang mei in fêst tiim fan selsstannige en entûsjaste taaltreners. Sy fersoargje de persoanlike ynteeks, skriuwe passende útstellen en sykje it krekte lesmateriaal by alle trenings. Troch it streekrjochte kontakt tusken taaltreners en kursisten is de ôfstimming optimaal. Wilens de doer fan de trening spylje treners hyltyd wer yn op de winsken en it ferlet.
Lês ek kwaliteitssoarch
‘Noflik dat de trener my fuortendaliks yn it djippe smiet mei pittige opdrachten. Dêrtroch krige ik de útdaging dy't ik nedich hie.’
Kursist yn 'e technyske sektor
‘Doar te praten, dan binne jo al healwei. Praat! Parla! Parlez!’
Marjella, taaltrener Eurolangues
Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.