Yn petear mei Gera, direkteur fan Eurolangues sûnt it begjin yn 1989. Sy is ek in besiele trener en coach fan har freelance taaltreners.
Gera: ‘It giet om motivaasje. Wy rikke libbendich taalmateriaal oan dêr't kursisten wille oan belibje. En wy helpe se oer de drompel. Doar te praten, te skriuwen. Doch it mar! Wy sette kursisten ek yn beweging mei in entûsjaste wurkhâlding. Wy sykje bygelyks oansluting by harren ynteresses en learstilen.'
Gera: ‘Sa bin ik sels! Doe't ik talen studearre, haw ik myn koffers pakt en in baantsje yn Frankryk socht. Ik woe it djippe yn, dompele mysels ûnder yn 'e taal. Sa learde ik it yn in omsjoch; alle nije wurden wiene fuortendaliks tapasber yn myn wurksituaasje. Dat learproses haw ik oerset nei de opset fan 'e taaltrening by Eurolangues.’
Gera: ‘It betrouwen! Ik haw mei in soad klanten in jierrenlange relaasje dy't stadichoan opboud is. As in opdrachtjouwer my skillet en freget oft ik oan tafel skowe wol by in yntern oerlis oer taaltrenings, om't er myn ekspertize op priis stelt, dan jout dat in goed gefoel. Ik leverje graach maatwurk, spylje safolle mooglik yn op winsken en ferlet. Dat wurdt wurdearre.’
Gera: ‘It is hearlik om yn beweging te bliuwen. Dêrom fernije we regelmjittich, bygelyks op it mêd fan online-learning. Fierder foarsjogge we mei ús family-training yn in waaksend ferlet fan trenings foar bern fan ekspats.’
'By Eurolangues wurdt gau skeakele. Mei Gera meitsje wy de saaklike ôfspraken, wylst in taaltrener fuortendaliks yn petear giet mei de kursisten. Op dy wize dogge we op twa nivo's saken en wurdt der goed ynspile op ús winsken en ferlet.'
In opdrachtjouwer yn 'e bousektor
'Om't Gera sels ek trenings jout, is se in noflike petearpartner as ik in lesplan mei har bepraat.'
Marida, taaltrener Eurolangues
Wy steane jo graach te wurd!
Skilje: +31(0)58 288 1314 of
folje it kontaktformulier yn.