Taaltraining Ingelsk, yndividueel (online)
Ynhâld training
Wy stalle de training gear yn oerlis mei jo; it giet hjir om it útwreidzjen fan jo (berops)spesifike feardichheden, bygelyks:
• Telefonearje, e-mails ferstjoere
• Meidwaan oan gearkomsten/kongressen
• Faktaal brûke
• Wurkoerlis mei kollega’s dy’t Ingelsk sprekke
• Hantliedingen lêze
• Underhannelje, presintaasjes jaan
• Utspand in (ferkeap) petear hawwe
• Goed funksjonearje by in kwaliteitsaudit
• Meidraaie yn in projekt
Oantal lesoeren: 12 x 1 oere (online). De data en tiden wurde yn oerlis fêststeld.
Foar it begjin fan de training is der earst in petear om te sjen wat jo nivo en leardoelen binne.
Nivo: De training wurdt jûn fanôf nivo A2.
Selsstúdzje: 3 oeren yn ’e wike
Kosten: € 1095,— (dit bedrach is ynklusyf it earste petear en lesmateriaal)
Hoe kinne jo ynskriuwe foar de yndividuele (online) training Ingelsk ?
1. Jo melde jo earst oan troch it ynfoljen fan it ûndersteande ynskriuwformulier.
2. Jo krije dan fan ús in befestiging fan opjefte.
3. Wy nimme kontakt mei jo op om ôfspraken te meitsjen oer it begjin fan de training.
Fragen? Belje 058-2881314 of mail [email protected]
Ynskriuwe foar de yndividuele taaltraining (online)