Stap-budget, Taaltraining Ingelsk, yndividueel

Foar wa?

Wurkjenden en wurksikers kinne sûnt 1 maart 2022 in STAP-budget fan maksimaal €1.000 per jier oanfreegje foar oplieding en ûntwikkeling. Jo kinne dizze subsydzje brûke foar it folgjen fan in training, kursus of oplieding. De subsydzje hjit STAP, wat stiet foar STimulearring Arbeidsmerk Posysje. Mei it jild út it STAP-budget kinne jo in training, kursus of oplieding folgje. De oerheid wol dat jo as wurkjende of wurksiker sels beslisse kinne oer jo ûntwikkeling tidens jo karriêre. Sa hawwe jo mear kânsen om jo wurk te hâlden of nij wurk te finen. Lês fierder

Ynhâld training

Wy stalle de training gear yn oerlis mei jo; it giet hjir om it útwreidzjen fan jo beropsspesifike feardichheden, bygelyks:
• Telefonearje, e-mails ferstjoere
• Meidwaan oan gearkomsten/kongressen
• Faktaal brûke
• Wurkoerlis mei kollega’s dy’t Ingelsk sprekke
• Hantliedingen lêze
• Underhannelje, presintaasjes jaan
• Utspand in (ferkeap) petear hawwe
• Goed funksjonearje by in kwaliteitsaudit
• Meidraaie yn in projekt

Oantal lesoeren: 12 x 1 oere (online). De data en tiden wurde ôfstimd op jo aginda.
Foar it begjin fan de training is der earst in petear om te sjen wat jo nivo en leardoelen binne.

Selsstúdzje: 3 oeren yn ’e wike

Kosten: € 995,— (dit bedrach is ynklusyf it earste petear en lesmateriaal)

Hoe freegje jo in STAP-budget oan foar de yndividuele training Ingelsk ?
1. Jo melde jo earst oan troch it ynfoljen fan it ûndersteande ynskriuwformulier.
2. Jo krije dan fan ús in STAP-bewiis fan opjefte.
3. Gean nei de startpagina fan it STAP-portaal fan it UWV: www.uwv.nl/stap.
4. Brûk jo DigiD om yn te loggen en folje it digitale oanfraachformulier yn.
5. Jo moatte hjir ek it digitale bewiis fan opjefte heechlade dat jo fan Eurolangues krigen hawwe.
6. Selektearje de oplieding dy’t jo keazen hawwe. Jo krije dan (meastal binnen in pear wiken) in brief fan it UWV om jo witte te litten oft de oanfraach tawiisd of ôfwiisd is. Stjoer in berjocht nei Eurolangues (info@eurolangues.nl) mei ‘STAP-tawizing’ yn de titel, sa’t wy jo definityf ynskriuwe kinne far de keazen taaltraining.
7.Jo kinne begjinne mei de kursus binnen 3 moannen nei ôfrin fan it tiidrek dêr’t jo de STAP-subsydzje yn oanfrege hawwe.

Jo STAP-opjefte wurdt pas definityf wannear’t it STAP-budget troch it UWV tawiisd is. Wurdt jo subsydzjeoanfraach ôfkard troch it UWV – bygelyks om’t de subsydzje foar it tiidrek op is – dan ferfalt jo ynskriuwing automatysk. Jo kinne it dan opnij besykje foar it folgjende tiidrek.

Tiidrekken foar it oanfreegjen fan it STAP-budget
1 septimber – 31 oktober
1 novimber – 31 desimber

Fragen? Belje 058-2881314 of mail info@eurolangues.nl

Ynskriuwe foar de STAP-budget yndividuele taaltraining

 

Ynskriuwe

Achternamme (sa as dy op jo paspoart stiet)+ foarletters*
Strjitte + hûsnûmer*
Postkoade*
Wenplak*
E-mailadres*
Tillefoannûmer*
Bertedatum*


Training dêr’t ik my foar ynskriuwe wol:




Opmerkingen: